Springe nei ynhâld

Waarlamke

Ut Wikipedy
waarlamke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiwaarlamkes (Gallinago)
soarte
Gallinago gallinago
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It waarlamke (Gallinago gallinago) is in fûgel út 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). Oare Fryske nammen fan 'e soarte binne bletterlamke, himelgeit, maailamke, wjerlamke en wettersnip.

Waarlamke.

It waarlamke is in middelgrutte waadfûgel mei in lange, rjochte en smelle snaffel. De poaten binne koart en it lichem is kompakt. It waarlamke wurdt ynklusyf de lange snaffel 23 oant 28 sintimeter lang en hat in wjukspanwiidte fan 39 oant 45 sintimeter. It fearrekleed is fyn bûnt yn bêzje, brún, wyt en swart. It antlit is swart en bêzje streke, mei in ljochte streek midden oer de krún. Oars as de dûbele snip hat er in wite búk en lit er by it opfleanen in brede wite efterrâne oan 'e earmfearren sjen.

Fersprieding en ûndersoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan it waarlamke rint yn it noarden fan it Paleärktysk gebiet fan Midden-Jeropa nei it noarden, en omfettet Yslân, Grut-Brittanje, de Fêreu-eilannen, de Azoaren en grutte dielen fan Ruslân, oant oan 'e Stille Oseaan ta. Ek yn noardlik Yndia komt de soarte foar. De Azoaren hiene eartiids in eigen briedpopulaasje, mar dy is no útstoarn.

It grutste part fan 'e wrâldpopulaasje bestiet út trekfûgels. Fûgels dy't yn it westlike Paleärktysk gebiet briede, oerwinterje benammen om 'e Middellânske See, ek yn noardlik Afrika oant oer de Sahara hinne en oan 'e Atlantyske kust. Aziatyske briedfûgels lûke foar de winter ûnder mear nei Yndia, Sina, Súdeast-Aazje en de Filipinen.

De populaasjes dy't yn Grut-Brittanje, Denemark, Nederlân en dielen fan Frankryk briede, binne oer it generaal stânfûgels.

It waarlamke hat twa ûndersoarten:

Fleanend waarlamke.

It waarlamke briedt by sompen en feangebieten yn boskrike gebieten, en ek op sompige, krûderike greiden by marren en beken. De fûgel hâldt him faak ferburgen en as er twongen wurdt om op te fleanen, fljocht er omheech en dêrnei sigesaagjend wylst er lûden makket.

De soarte siket it iten oan 'e wetterkant of yn ûndjip wetter yn sêfte modder, dêr't er mei de lange snaffel proaien út oppikt. De fûgel fret benammen ynsekten en wjirms, mar ek wat plantaardich materiaal.

Yn 'e briedtiid markearret er syn territoarium troch in baltsflecht, wêrby't er mei útsprate sturtfearren steil nei ûnderen dûkt. De sturtfearren trilje dêrby krêftich en feroarsaakje in karakteristyk meganysk en mekkerjend lûd (dêrfandinne de namme himelgeit).

Aai fan it waarlamke.

It nêst is in ûndjip kûltsje yn 'e grûn. It wyfke leit trochstrings fjouwer aaien, mar lechsels fan twa oant fiif aaien komme foar. It wyfke briedt de aaien yn 17 oant 20 dagen út. Nei it útkommen fersoargje beide âlden de jongen.

It briedgebiet fan it waarlamke is tige grut. Ek de wrâldpopulaasje is mei in rûzing fan sân oant alve miljoen folwoeksen yndividuen grut. Hoewol't de ûntwikkelingstrend fan it waarlamke negatyf is, beskôget de IUCN de soarte net as bedrige (Least Concern, 2025).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: