Turyn
| Turyn Torino | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Piemonte | |
| Metropolitane stêd | Turyn | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 856.343 (31.05.2026)[1] | |
| Oerflak | 130,01 km² | |
| Befolkingsticht. | 6.586,75 ynw/km² | |
| Hichte | 239 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 10121–10156 | |
| Netnûmer | 011 | |
| Offisjele webside | ||
| comune.torino.it | ||
| Kaart | ||
Dizze side giet oer de stêd yn noardlik Itaalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Turyn (betsjuttingsside).
Turyn (Italjaansk: Torino, Piëmonteesk: Turin) is nei Milaan de grutste stêd fan Noard-Itaalje. It leit súdwestlik fan Milaan en noardwest fan Savona en is de haadstêd fan 'e regio Piëmont en de metropolitane stêd Turyn.
Beskriuwing en skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omtrint 28 f.Kr. waard op it plak dêr't no Turyn leit troch de Romeinen in militêre delsetting mei de namme Castra Taurinorum stifte. Histoarisy tinke lykwols dat foar dy tiid op it plak al in grut tal minsken wenne. Ut 'e Romeinske tiid datearret de Porta Palatina. Ek yn it typyske rjochthoekige strjitplan fan it hjoeddeiske stedssintrum is de Romeinske ynfloed noch werom te sjen.
Al yn 'e Midsiuwen waard der in universiteit stifte, mar Turyn waard echt wichtich doe't Emanuel Filibert fan Savoye de stêd yn 1563 ta haadstêd fan syn hartochdom makke. Op it Piazza San Carlo stiet in stânbyld fan him.

De measte ferneamde gebouwen fan Turyn datearje dan ek út 'e barok. Ien fan 'e pear foarbylden fan renêssânse-arsjitektuer is de om 1500 hinne boude Duomo, de katedraal fan Turyn, dêr't it Lykklaad fan Turyn bewarre wurdt. Yn opdracht fan 'e 18e-iuwske hartoch Victor Amadeus II fan Sardynje waarden yn it natuerpark Collina di Superga it Jachtpaleis Stupinigi en de Basilika fan Superga boud. Yn it mausoleum fan 'e basilika binne in soad leden fan it Hûs Savoye begroeven.
Yn it Palazzo dell'Accademia delle Scienze binne it Museo Egizio, in Egyptologysk museum dat ta de wichtichste fan syn soarte yn 'e wrâld heart, en de Galleria Sabauda fêstige. Dy lêste herberget de skilderijekolleksje fan it Hûs Savoye, mei ûnder oare wurken fan 'e Flaamske primityven, lykas Van Eyck en Memling.
Om't Victor Emanuel II, in lid fan it Hûs Savoye, yn 1861 de earste kening fan it feriene Keninkryk Itaalje waard, is de skiednis fan Turyn sterk ferbûn mei de Italjaanske ienwurding (de Risorgimento). Turyn wie oant 1865 de earste haadstêd fan it feriene Itaalje. Fan 'e 17e iuw oant 1870 hie it Hûs Savoye syn residinsje yn it barokke Keninklik Paleis. It 17e-iuwske Palazzo Carignano, it bertehûs fan Victor Emanuel II, wurdt beskôge as ien fan 'e moaiste gebouwen fan Turyn. Hjoed-de-dei is dêr it Museo Nazionale del Risorgimento ûnderbrocht.
Turyn en de omkriten fan Marseille wurde mei-inoar ferbûn mei de skiednis fan 'e drank Vermout. Turyn hat in lange tradysje yn 'e produksje dêrfan en in soad produsinten lykas Martini produsearje de drank.

Yn 1899 waard yn Turyn it automerk FIAT oprjochte troch de famylje Agnelli. It bedriuw is noch altyd fan grut belang foar de ekonomy fan Turyn. It Nasjonaal Automuseum MAUTO waard yn 1933 iepene. De Agnelli's hawwe sûnt in grutte ynfloed op 'e stêd hân. Sa hat de famylje troch de holding Exor in kontrolearjend belang yn fuotbalklup Juventus en is de famylje ek ferbûn mei de Pinacoteca Agnelli.
Oant it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch wie Turyn boppedat ien fan 'e wichtichste filmstêden fan Itaalje. De bruorren Lumière joegen yn Turyn ien fan 'e earste filmfoarstellings yn Itaalje. Nei de Earste Wrâldoarloch ferhuze it sintrum fan 'e Italjaanske filmyndustry lykwols nei Rome. Turyn hat noch jimmeroan in wichtich filmmuseum, it Museo del Cinema. Dat is yn ien fan 'e opfallendste bouwurken fan 'e stêd ûnderbrocht: de 19e-iuwske, 167 meter hege Mole Antonelliana. Lykas de Eiffeltoer yn Parys dominearret dy toer it stedsgesicht.
Oare bekende bedriuwen dy't yn Turyn fêstige binne, binne Invicta, in fabrikant fan rêchsekken dy't yn 1821 oprjochte waard, Superga, in fabrikant fan sportskuon, Robe di Kappa, fabrikant fan sportklean, De Fonseca, fabrikant fan skuon, Borbonese, fabrikant fan learguod, en Lavazza, in produsint fan kofje.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1974 berikte de befolking fan Turyn har hichtepunt mei 1.202.846 ynwenners. Yn 2014 hie Turyn in befolking fan 901.025 ynwenners en yn 2026 856.343 ynwenners. Lykas yn in soad oare Italjaanske stêden fergrizet de befolking: it tal ynwenners dat jonger as 18 jier is, foarmet in relatyf lyts oandiel, wylst it oandiel minsken op pensioenleeftyd in grut oandiel foarmet. De delgong fan it ynwennertal wurdt troch migranten út it suden fan Itaalje of troch ymmigranten wat ôfremme.
Likernôch 15 persint (2020) fan 'e befolking bestiet út migranten. De grutste groepen binne Roemenen, Marokkanen, Sinezen, Perûanen, Nigearianen, Egyptenaren en Albanezen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Turyn leit yn it noardwesten fan Itaalje. Oan 'e westlike en noardlike kant lizze de Alpen, oan 'e súdkant de heuvels fan Monferrato. Fjouwer rivieren streame troch de stêd: de Po, de Dora Riparia, de Stura di Lanzo en de Sangone.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Turyn hat in kontinintaal klimaat. Dat ferskilt nochal foar de rest fan Itaalje oer, dat bekend is om syn Mediterraan klimaat. De winters binne kâld en drûch, de simmers binne fris yn 'e heuvels en relatyf waarm op 'e flakten. By't hjerst en winterdeis moat rekken holden mei tsjokke dize op 'e flakten.
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De metro fan Turyn bestiet út ien trajekt mei tweintich stasjons en ferbynt de foarstêd Collegno en it treinstation Lingotto mei it sintrum. De halte yn it sintrum, Porta Nuova, is it wichtichste treinstation fan Turyn. It fleanfjild fan Turyn leit 15 km noardlik fan e stêd.
- Mole Antonelliana
- Palazzo Reale
- Palazzo Madama
- Palazzina di caccia di Stupinigi
- Porte Palatina
- Teatro Regio
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
