Springe nei ynhâld

Sint-Joaristsjerke (Weener)

Ut Wikipedy
Sint-Joaristsjerke
St.-Georgs-Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plakWeener
adresMarktstraße
koördinaten53°09' N 7°21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipEvangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boustylgotyk, neogotyk
monumintale status kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Sint-Joaristsjerke (Nedersaksen)
Sint-Joaristsjerke

De Sint-Joaristsjerke fan Weener yn it Eastfryske Reiderlân is de tsjerke fan 'e grifformearde gemeente. It tsjerkegebou waard om 1230 hinne as bakstientsjerke boud en yn 'e rin fan iuwen fergrutte. De oarspronklik oan Sint-Joaris wijde tsjerke krige yn 1462 in goatysk koer en yn 1893 in noardlik neogoatysk dwersskip.

Om it jier 900 hinne stifte muontsen fan it kleaster Werden in earste houten tsjerke op it hjoeddeiske âlde tsjerkhôf njonken de toer, dy't oan Jehannes de Doper wijd wie. Yn 'e 13e iuw moast dy Jehannestsjerke foar de groeiende befolking fergrutte wurde.

Toer.

By de Memmingaburg, de stins op it heechste punt fan Weener, waard in sealtsjerke boud dy't oan 'e hillige Joaris wijd waard. Sûnt de 13e iuw oant de reformaasje wie Weener de sit fan in proasdij yn it bisdom Múnster en dêrmei groeide Weener út ta it tsjerklike sintrum fan it Reiderlân. Mei de opkomst fan 'e reformaasje feroare de parochy nei alle gedachten al yn it jier 1524 fan roomsk nei grifformeard.

Yn 1462 makke Ulrik I de bou fan it koer mooglik. Tritich jier letter liet de biskop fan Múnster yn it ramt fan 'e fete mei de stêd Grins Weener en de tsjerke plonderje en delbaarne, wêrtroch't al it ynterieur ferlern gie. By de werbou waard de plafondhichte fan it lege skip op 'e selde hichte fan it koer brocht en in balkeplafond ynbrocht. Yn 1600 joech greve Enno III de yntusken grifformearde gemeente de klok fan it kleaster Sielmönken, dy't Arnt fan Wou, in soan fan Geert fan Wou, yn 1508 getten hie. Yn 'e 17e iuw krige de tsjerke de preekstoel en de nachtmieltafel. Midsiuwske oantinkens yn it koer, lykas it alter, it doopfont en ek it sakramintshûs bleaunen oant 1777 bewarre.

It skip krige yn 1765 in nij houten tonferwulft en nei't it stiennen ferwulft fan it koer útbrutsen wie, waard dêr yn 1780 it tonferwulft útwreide. Doe waard ek it doksaal ôfbrutsen en ferhûze it oargel djipper it koer yn. Tagelyk waard in grutte houten triomfbôge tusken it skip en it koer boud. De oangrinzgjende sakristy, dy't ek as Latynske Skoalle en riedskeamer tsjinne, waard yn 1786 ôfbrutsen. De âlde binnentrep fan 'e noardlike koermuorre, de tagong ta de sakristy, bleau bestean en tsjinnet sûnt de jierren 1970 as tagong ta de blaasbalgen fan it Schnitger-oargel.

Yn 1893 waard oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke in dwersskip oanboud, sadat it grûnflak fan 'e tsjerke no in T-foarm hat. Tusken 1970 en 1972 waard in grutte renovaasje útfierd.

De ryk fersierde renêssânse preekstoel stamt út 1649 en hat in seishoekich klankboerd. Under de preekstoel stiet in nachtmieltafel út de earste helte fan 'e 17e iuw. Opfallend is in klok mei it jiertal 1626 oan 'e westlike muorre en de tekst O mensch!, gedenk der ure des doods, dy't ús op 'e fergonklikens wize moat. De kroanluchter waard yn 1633 skonken en is fersierd mei symboalen fan 'e seefeart. De barokke banken mei doarkes binne op 'e preekstoel oan 'e súdlike muorre oriïntearre. Under it oargel binne de iken banken út 1640 mei fykwurk fersierd. Yn 'e tsjerke binne de âldste grêfsarken fan East-Fryslân út de romaanske en goatyske tiid bewarre bleaun.

Oargel.

It oargel is fan nasjonaal belang en waard yn 1710 troch Arp Schnitger en syn soannen op 'e nije eastlike kreake fan it koer boud en yn 1782 troch Johann Friedrich Wenthin mei frijsteande pedaaltuorren yn in rokoko-oargelkas fergrutte. Ek it boarstwurk fan 'e kreake en it skildere houten gerdyn efter it oargel waard yn dy tiid makke. Nei ferbouwingen en restauraasjes hat it oargel no 29 registers op twa manualen en pedaal. Dêrnjonken hat de tsjerke in posityf fan Hendrik Jan Vierdag mei fjouwer registers yn 'e tsjerke.

Op it tsjerkhôf súdeastlik fan 'e tsjerke stiet tusken twa oanbuorjende hûzen in portaal mei klokgevel út 1754. Oan 'e oare kant fan 'e Norderstraße waard in klokketoer boud op it plak dêr't earder de âlde Jehannestsjerke stiet. Doe't dy tsjerke brekfallich waard is dy ôfbrutsen en ferfongen troch de yn 1838 boude toer. Boppe de eastlike yngong stiet: MET DEZEN TOREN IS BEGONNEN TE BAUWEN ANNO 1738 DEN 3 MAY ALS HINRICH MESCHER EN HINRICH MOERKRAMER KERK VOOGDEN WAREN. De âldste klok yn 'e toer stamt fan 1477.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch de:Evangelisch-reformierte Kirche (Weener).