Ra‘iātea
| Ra‘iātea | ||
| emblemen | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | eilân | |
| lân | ||
| oerseeske kollekt. | ||
| bestj. ûnderferdieling | Underwynske Eilannen | |
| haadplak | Uturoa | |
| grutste plak | Uturoa | |
| heechste berch | Tefatua | |
| arsjipel | Genoatskipseilannen | |
| sifers | ||
| ynwennertal | 12.388 (2022) | |
| oerflak | 167,7 km² | |
| befolkingstichtens | 73,9 / km² | |
| heechste punt | 1.017 m | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10.00 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 16°49′12″ S 151°26′24″ W | |
| kaart | ||
De lizzing fan Ra‘iātea yn Frânsk-Polyneezje.
| ||
Ra‘iātea, gauris werjûn mei de ferienfâldige stavering Raiatea (Tahitiaanske útspr.: [raʔˈia̭ːtea̭], likernôch: "rah-jaa-tea"; Frânske útspr.: [ʁajateˈa], likernôch: "chah-jah-tee-jah"), is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It heart ta de Underwynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio Polyneezje rekkene wurdt. Bestjoerlik falt Ra‘iātea ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. Ra‘iātea is it op ien nei grutste fan 'e Genoatskipseilannen (nei Tahity), en wurdt fan âlds as it sintrum fan eastlik Polyneezje beskôge. De kolonisaasjes fan û.m. de Hawaï-eilannen en Nij-Seelân fûnen nei alle gedachten har oarsprong op Ra‘iātea. Oant 1888 wie it eilân in ûnôfhinklik keninkryk. It haadplak is Uturoa. Neffens gegevens út 2022 hie Ra‘iātea doe krapoan 12.400 bewenners.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Tahitiaansk betsjut Ra‘iātea safolle as "ljochte loft". Yn 'e njoggentjinde iuw waard foar deselde namme gauris de no yn ûnbrûk rekke transkripsje Ulitea brûkt.

Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ra‘iātea leit besuden de evener rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It is ien fan 'e Underwynske Eilannen, dy't de westlike helte foarmje fan 'e arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen. Dy eilannegroep makket sels wer diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't ek û.m. Samoä, Tonga, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ta hearre. Ra‘iātea leit sa'n 219 km westnoardwestlik fan Tahity, it grutste en wichtichste eilân fan 'e Genoatskipseilannen. Ra‘iātea hat in oerflak fan 167,7 km² en is dêrmei nei Tahity it grutste fan 'e Genoatskipseilannen. It eilân dielt ien-en-deselde lagune mei it buoreilân Taha‘a, dat nei it noarden ta leit. De beide eilannen wurde faninoar skaat troch in smelle seestrjitte fan 3 km breed. It koraalrif dat de lagune omsirkelet omslút sawol Ra‘iātea as Taha‘a.
It lânskip fan Ra‘iātea wurdt karakterisearre troch rûge berchpiken, in kustline dy't tinken docht oan 'e fjordekust fan Noarwegen en withoefolle lytse eilantsjes yn 'e lagune. Op it eilân besteane trije grutte berchmassa's, dy't troch legere heuvelrêgen mei-inoar ferbûn wurde. De sintrale berchmassa omfettet de Tefatua, dy't mei in hichte fan 1.017 m boppe seenivo de heechste top fan Ra‘iātea is. De noardlike berchmassa, dy't bekend stiet as it Temehaniplato, hat op 'e measte plakken in hichte fan 600–650 m, mar riist hjir en dêr heger op, lykas by de berch de Tepahu, dy't mei 821 m boppe seenivo de heechste top fan it plato is. De heechste top fan 'e súdlike berchmassa is de Oropiro.
Fan 'e berchmassa's yn it binnenlân ôf rinne tsien steile dellings rjochting de see. Troch de dellings streame in protte beken en rivierkes, dy't op guon plakken spektakulêre wetterfallen foarmje. De grutste rivier is de Apo‘omau, dy't fan 'e Tefatua nei de Fa‘aroabaai streamt. Dat is de iennichste befarbere rivier yn Polyneezje, mei't er by in heech genôch wetternivo oer in lingte fan ferskate kilometers yn lytse boaten befearn wurde kin. It eigentlike eilân Ra‘iātea, mei syn rotsige kustline, hat gjin strannen dy't it neamen wurdich binne, mar op it omjaande koraalrif lizze in grut tal motu oftewol leechleine rifeilantsjes mei prachtige wite strannen.

Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ra‘iātea is fan fulkanyske oarsprong en bestiet út it basalt fan in skyldfulkaan mei dêroerhinne trachityske lavastreamen, datearjend fan 2.750.000 oant 2.290.000 jier lyn. De foarming fan Ra‘iātea wie it resultaat fan 'e eardere lizzing fan it eilân boppe de fulkanyske hotspot dy't it grutste diel fan 'e Genoatskipseilannen foarme hat. Troch de tektoanyske ferskowing fan 'e Pasifyske Plaat nei it westnoardwesten ta is Ra‘iātea ûnderwilens fier fan 'e hotspot ôf rekke en bestiet der gjin inkele kâns mear dat de âlde fulkanen op it eilân wer ta libben komme sille. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a, it eastlikste fan 'e Boppewynske Eilannen, boppe de hotspot.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prekoloniaal tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste minsklike bewenners fan Ra‘iātea wiene de Polynezyske seefarders dy't it eilân om 200 f.Kr. hinne kolonisearren yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren. Dy kolonisaasje fûn plak út Samoä en Tonga wei. Yn prehistoaryske tiden stie Ra‘iātea bekend ûnder de namme Hava‘i, dat yn 'e Polynezyske kultuer in hillige namme is. Oare foarmen fan dy namme binne Hawai‘i (de lânseigen namme foar Hawaï), Savai‘i (in eilân yn Samoä) en Havaiki (de âlde namme foar it atol Fakarava yn 'e Tûamotû-arsjipel).
Yn 'e mande mei de Markesaseilannen, dy't fierder nei it noardeasten lizze, foarmen Ra‘iātea en de oare Genoatskipseilannen yn it prekoloniale tiidrek it hert fan Polyneezje, dêr't de kolonisaasjes fan 'e Hawaï-eilannen, de Mangareva-eilannen en Nij-Seelân wei plakfûnen. De kolonisaasje fan Nij-Seelân wie it lêste stadium yn it Grutte Polynezyske Folkeferfarren en barde oan 'e ein fan 'e trettjinde of it begjin fan 'e fjirtjinde iuw. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Maoary, de lânseigen bewenners fan Nij-Seelân, kamen twa fan harren grutte migraasjekano's (te witten: de Tainui en de Arawa) fan Ra‘iātea. In protte hjoeddeistige Maoary kinne harren komôf noch nei dy kano's weromtrasearje, wêrûnder alle leden fan 'e Tainui- en Te Arawa-stammen.
Op Ra‘iātea sels ûntstiene yn 'e iuwen nei de earste oankomst fan 'e Polyneezjers njoggen ûnôfhinklike tribale foarstedomkes. Dat proses waard skewiele troch de geografy fan it eilân mei djippe dellings dy't nei see liede mar faninoar skaat wurde troch steile berchrêgen. De foarstedomkes koene fierder opdield wurde yn aparte clans en allegearre hiene se in strang stratifisearre maatskippij, mei klassen dy't suver wol kasten lieken. It bestjoer wie yn 'e hannen fan 'e ariki of ari‘i, haadlju fan adel, dy't har oanspraken op it liederskip rjochtfeardigen mei har ôfstamming fan 'e foaroanmannen fan 'e earste kolonisten. Sy wiene grutgrûnbesitters en lieders op sawol polityk as religieus mêd.
Harren ynfloed wie net inkeld beheind ta Ra‘iātea, mar wreide him op religieus en kultureel (sij it net op polityk) mêd ek út oer de oare Genoatskipseilannen. Dat wie benammentlik te tankjen oan 'e marae fan Taputapuatea, de grutte timpel op Ra‘iātea dy't wijd wie oan 'e god Oro. Dat wie fierwei it wichtichste religieuze sintrum yn 'e arsjipel. De kultus fan Oro wie yn it plak kommen fan 'e ferearing fan mear tradisjonele Polynezyske goaden, lykas Ta‘arao en Tane. De oare marae (timpels) op Ra‘iātea en de oare eilannen wiene ûnderhearrich oan 'e marae fan Taputapuatea. Om 'e grutte timpel hinne ûntstiene de Arioi: in aristokratyske en kriichshaftige preesterkaste mei absolute religieuze sizzenskip. In lid fan 'e Arioi koe, inkeld troch syn mei taboes omjûne oanwêzigens, stamme-oarloggen op slach beëinigje.

Sindelingen en ynterne konflikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Westerlingen waard it bestean fan Ra‘iātea foar it earst ûntdutsen doe't op 20 july 1769 de Britske ûntdekkingsreizger James Cook op syn earste reis de HMS Endeavour troch it omjaande rif fan it eilân fear en foar anker gean liet yn 'e Opoabaai. Hy gie oan lân yn 'e neite fan 'e grutte marae fan Taputapuatea en hyste op it eilân de Union Jack by wize fan in symboalysk yn besit nimmen fan Ra‘iātea foar de Britske Kroan. Yn 1772 wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Domingo de Bonechea de twadde Westerling dy't Ra‘iātea oandie. Hy naam it eilân yn besit foar de Spaanske Kroan. Net ien fan beide anneksaasjes hie úteinlings politike konsekwinsjes.
Hoewol't Tahity, it grutste fan 'e Genoatskipseilannen, en yn mindere mjitte ek it buoreilân Mo‘orea tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw al ûnder Jeropeeske ynfloed stiene, wist Ra‘iātea dêr yn 't earstoan noch frij fan te bliuwen. Mar yn 'e earste desennia fan 'e njoggentjinde iuw wûn ek dêre de ynfloed fan 'e sindelingen fan it protestantske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS) gâns oan. It skeel tusken de bekearlingen fan it kristendom en de oanhingers fan 'e tradisjonele animistyske natoerreligy joech op 'e Genoatskipseilannen oanlieding ta in boargeroarloch. Mei stipe fan 'e sindelingen slagge it kening Pōmare II fan Tahity om syn keninkryk oer alle Genoatskipseilannen út te wreidzjen. Op 12 novimber 1815 waarden de tradisjonalisten op Tahity beslissend ferslein yn 'e Slach by Fe‘i Pī (ek bekend as Puna‘auia).
Op Ra‘iātea gie it dêrnei ek hurd mei de bekearing fan 'e befolking ta it kristendom, en yn 1828 waard de marae fan Taputapuatea ferwoastge troch de kristenen. Yn 1831 slagge it de Mamaia-kultus, in synkretistyske beweging dy't eleminten út it kristendom fermong mei eleminten út 'e tradisjonele natoerreligy, om 'e sindelingen fan Ra‘iātea te ferbaljen. Mar in jier letter, yn 1832, waarden de oanhingers fan 'e Mamaia-kultus ferslein. De sindelingen kearden werom en op 'e Mamaia-kultus waard foargoed it near lein.

Koloniaal tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underwilens besocht Frankryk mear ynfloed op 'e Genoatskipseilannen te krijen. Yn 1842 waard der in Frânsk protektoraat ôfkundige oer it Keninkryk Tahity. Doe't de Tahitianen blike lieten it dêr net mei iens te wêzen, folge yn 1843 in folsleine anneksaasje. Keninginne Pōmare IV fan Tahity moast yn ballingskip gean op Ra‘iātea oant it koloniaal bestjoer har yn 1847, nei de Frânske oerwinning yn 'e Frânsk-Tahitiaanske Oarloch (1844–1846), tastie werom te kommen by wize fan symboalysk gebeart fan fermoedsoening. Datselde jiers sleaten Frankryk en it Feriene Keninkryk de Konvinsje fan Jarnac, wêryn't de ûnôfhinklikheid fan 'e Underwynske keninkriken (it Keninkryk Ra‘iātea, it Keninkryk Huahine en it Keninkryk Bora Bora) bekrêftige waard. Dêrtroch koe Ra‘iātea de Frânsen noch in jier as fjirtich op in distânsje hâlde.
Yn 1878 feroare de sitewaasje lykwols, mei't it Keizerryk Dútslân, it letkommer by it fêstigjen fan in eigen koloniaal ryk, belangstelling opfette foar de Genoatskipeilannen. Foar Frankryk waard it doe driuwend om 'e eigen oanspraken op 'e eilannen krêft by te setten. Dêrom waard it Feriene Keninkryk ôfkocht mei militêre konsesjes yn 'e Nije Hebriden, sadat de Konvinsje fan Jarnac mei goedfinen fan beide partijen skrast wurde koe. Yn 1880 kundige Frankryk in provisjoneel protektoraat ôf oer it Keninkryk Ra‘iātea (dat behalven it eilân Ra‘iātea ek it buoreilân Taha‘a omfette). Dat hie noch net folle om 'e hakken en it koe fierhinne negearre wurde troch de eilânbewenners.
Mar yn 1887 bombardearre de Frânske Marine Ra‘iātea op fersyk fan Westerske keaplju, dy't woene dat der in ein kaam oan 'e beheinings op it mêd fan hannel mei de befolking dy't har troch de kening oplein wiene. Nei it bombardemint folge der in ynvaazje fan Ra‘iātea troch Frânske mariniers, dy't it eilân besetten en kening Tamatoa VI ôfsetten. Op 19 maart 1888 fûn de anneksaasje fan 'e Underwynske Eilannen plak, wêrby't Ra‘iātea foargoed syn ûnôfhinklikheid ferlear. Dy anneksaasje late op 'e eilannen ta it útbrekken fan 'e saneamde Underwynske Oarloch. Op Ra‘iātea groef de haadman Teraupo‘o him yn 'e Averadelling oan 'e eastkust yn, dêr't er de Frânsen njoggen jier lang fan him ôf wist te slaan. Pas yn 1897 waard er ferslein en kriichsfinzen nommen, wêrnei't er fan it eilân ferballe waard nei Nij-Kaledoanje. Fan syn trouste folgelingen waarden 190 mei harren húshâldings deportearre nei it eilân ‘Ua Huka yn 'e Markesaseilannen.

Sa kaam Ra‘iātea by de saneamde Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings") te hearren, sa't de Frânske koloanje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan doe hiet. Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebiet yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan Ra‘iātea de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan it gebietsdiel waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Ra‘iātea is yn haadsaak agrarysk. Der wurde lânbougewaaksen eksportearre lykas fanylje, ananas en kokosnuten. It wichtichste lânbougebiet op it eilân is de Fā‘aroadelling, dêr't it meastepart fan 'e fanylje op Ra‘iātea ferboud wurdt. In oare wichtige ekonomyske sektor wurdt foarme troch pearelkwekerijen yn 'e lagune fan it eilân. Feehâlderij fan kij, skiep en bargen is lykwols op syn retoer. Op Ra‘iātea spilet it toerisme in minder wichtige rol as op 'e measte oare Genoatskipseilannen. De hiele toeristyske sektor op it eilân bestiet út bêd-en-brochjes, ien hotel (it Hawaiki Nui), twa jachthavens en in djippere haven dêr't cruiseskippen oanlizze kinne. It eilân is troch de loft berikber fia it Fleanfjild Ra‘iātea by Uturoa. De grutste wurkjouwer op Ra‘iātea is de oerheid.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik heart Ra‘iātea ta Frânsk-Polyneezje. Dat is gjin selstannich lân, mar in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje is Ra‘iātea part fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Underwynske Eilannen. Op lokaal nivo is Ra‘iātea ferdield yn trije gemeenten (communes), te witten: Uturoa, Taputapuatea en Tumara‘a. It haadplak fan it eilân is Uturoa.

Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hie Ra‘iātea doe in befolking fan 12.388 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 73,9 persoanen de km². It grutste plak fan Ra‘iātea is Uturoa. De gemeente Uturoa, dy't grutter is as it doarp Uturoa allinnich, hie yn 2022 3.663 ynwenners. Fan 'e oare beide gemeenten op it eilân telde Taputapuatea dat jiers 5.007 ynwenners, wylst Tumara‘a 3.718 ynwenners hie.
Yn etnysk opsjoch bestiet frijwol de hiele befolking fan Ra‘iātea út Tahitianen, dy't de lânseigen etnyske groep fan alle Genoatskipseilannen foarmje. Tahitianen binne Polyneezjers, en harren taal, it Tahitiaansk, heart ta de Polynezyske kloft fan 'e Austronezyske taalfamylje. De iennichste offisjele taal yn Frânsk-Polyneezje is lykwols it Frânsk.
Wat religy oangiet, bestiet hast de hiele befolking fan Ra‘iātea út kristenen. Foar it meastepart binne dat protestanten dy't leden binne fan 'e Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi. Dat is in tsjerkegenoatskip dat fuortkommen is út 'e kerstening fan 'e Genoatskipseilannen yn 'e iere njoggentjinde iuw troch kalvinistyske sindelingen út it Feriene Keninkryk. Der is ek in roomske minderheid op Ra‘iātea, dy't bestjoerlik ûnder it Aartsbisdom fan Papeete falt.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ra‘iātea hat in fochtich tropysk klimaat sûnder ferskillen tusken simmer en winter sa't wy dy yn Noardwest-Jeropa kenne. Der binne eins mar twa jiertiden: in reintiid fan novimber oant en mei april, en in drûge tiid fan juny oant en mei oktober. It eilân kriget jiers omtrint 1.800 mm delslach. De reinichste moanne is desimber, mar de rein falt yn koarte yntinse buien, dy't gau wer foarby binne. Augustus en septimber binne de drûchste moannen. De temperatuer is it hiele jier rûn frijwol itselde: oerdeis hjit en nachts waarm, en it hiele etmiel near. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 27 °C.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lânseigen floara fan Ra‘iātea is troch twatûzen jier fan minsklike bewenning fan it eilân raar yn 'e knipe kommen. Yn 'e kustgebieten is der frijwol neat mear fan oer. Dêr oerhearskje planten dy't de Polyneezjers op it eilân brocht binne, lykas de kokospalm (Cocos nucifera), de breafruchtbeam (Artocarpus altilis), taro (Colocasia esculenta) en grutte yam (Dioscorea alata). Yn it dreech tagonklike binnenlân oerlibje de lânseigen planten noch wol, al wurde se ek dêr bedrige troch de wyldgroei fan ynvasive eksoaten lykas gûave (Psidium guajava)), bamboe (Bambusoideae spp.) en melassegers (Melinis minutiflora).
Wat der noch restearret fan 'e lânseigen floara bestiet foar it measte part út savanne en jimmergrien tropysk reinwâld. De savanne wurdt dominearre troch de felgriene foarkfear (Dicranopteris linearis), dy't tichte boskjes foarmje kin fan soms wol 2 m heech. Drûgere kriten, lykas de legere berchskeanten en de berchrêgen fan it eilân, wurde benammen begroeid troch aiho (Miscanthus floridulus), dat ek wol 'swurdgers' neamd wurdt. De leechlânwâlden besteane benammentlik út 'e mapebeam (Inocarpus fagifer), dy't 25 m heech wurde kin.
De lânseigen fauna fan Ra‘iātea bestiet út lidpoatigen, weakdieren, fisken, fûgels en inkele hagedissen. De iennichste sûchdieren op it eilân binne troch de minske yntrodusearre fee en húsdieren, lykas hûnen, katten, bargen, kij, skiep, geiten en hynders, en teffens by fersin yntrodusearre eksoaten lykas de hûsmûs (Mus musculus), de Polynezyske rôt (Rattus exulans) en de brune rôt (Rattus norvegicus). Ek de Dútske kakkerlak (Blattella germanica) is op it eilân yntrodusearre.

Ra‘iātea hat gjin bisten dy't gefaarlik binne foar minsken, hoewol't de sânflieën op it strân en de langpoaten dêr't it binnenlân fan it eilân fan optilt hiel ûnoangenaam wêze kinne. Foarbylden fan fûgels dy't lânseigen binne op Ra‘iātea, binne de Ra‘iāteajufferdo (Ptilinopus chrysogaster) en de Bora Bora-iisfûgel (Todiramphus tutus). Op it eilân kaam oarspronklik ek in parkyt foar dy't nearne oars libbe, de Ra‘iāteaparkyt (Cyanoramphus ulietanus). Dy fûgel waard ûntdutsen troch bemanningsleden fan it skip fan James Cook, doe't dy op syn trêde ekspedysje yn 1777 it eilân oandie. De Ra‘iāteaparkyt is koarte tiid letter, wierskynlik noch yn itselde jier, útstoarn. Oer de omstannichheden fan dat útstjerren is mei wissichheid neat te sizzen, mar it fermoeden fan ornitologen is dat by it besyk fan Cook de brune rôt op Ra‘iātea yntrodusearre waard, dy't neitiid ferantwurdlik west hawwe soe foar it útrûgjen fan 'e parkyt dy't tsjin dizze nije rôfdieren gjin ferwar hie.
Wat it bioferskaat fan slakken oanbelanget, stie Ra‘iātea yn it ferline bekend as it sintrum fan 'e fersprieding fan 'e libbenbernjende Oseänyske lânslakken (Partula spp.), mei 33 ûnderskate soarten fan dat skaai. De ûnopsetlike yntroduksje fan 'e rodzige wolveklauslak (Euglandina rosea) wie yn dy kontekst rampsillich: dy gruttere, karnivoare slak friet de lânseigen slakken op en rûge dêrby 30 soarten folslein út ear't biologen foar it ferstân hiene wat der geande wie. De trije oerbleaune lânseigen slakkesoarten, Garrets libbenbernjende Oseänyske lânslak (Partula garretti), Hebe's libbenberjende Oseänyske lânslak (Partula hebe) en de Navigatoreilânske libbenbernjende Oseänyske lânslak (P. navigatoria), binne útstoarn yn it wyld en soene sûnder minsklik yngripen ek folslein ferlern gien wêze.
De lagune fan Ra‘iātea is ryk oan seelibben. Njonken hûnderten ûnderskate soarten fisken kinne snorkelders en dûkers dêr withoefolle weakdieren, wjirms en kreefteftigen waarnimme. De lagune stiet yn it bysûnder bekend om syn grutte ferskaat oan kleurrike seeslakken. Bytiden wurdt de lagune ek besocht troch ferskate soarten haaien, roggen, swurdfisken en seeskyldpodden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
