Pewsum
| Pewsum | ||
| De boarch Manningaburg | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.238 [1] | |
| Oerflak | 6,68 km² | |
| Befolkingsticht. | 485/km² | |
| Hichte | 2 m | |
| Oar | ||
| Stifting | ± 945 | |
| Postkoade | 26736 | |
| Netnûmer | 04923 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 26′ 7" NB, 7° 5′ 50" EL | |
| Offisjele webside | ||
| www.krummhoern.de | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Kaart gemeente Krummhörn | ||
Pewsum is in doarp yn East-Fryslân in it Dútske Bûnslân Nedersaksen. Pewsum is it haadplak fan de gemeente Krummhörn en hat sa'n 3.238 ynwenners (2020).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlste fernijing fan Pewsum is al fan 945. Neffens in oarkonde wie er doe in boarch fan it laach Manninga dat letter haadlingen yn East-Fryslân leverje soe. Yn 1565 komt de boarch oan de Sirksena's dy't doe al greve fan East-Fryslân binne. Bekende minsken dy't yn Pewsum wenne hawwe binne: de Sweedske maarskalk Dodo fan Knyphausen, generaal Peter Ernst II fan Mansfeld en karfoarst Freark Willem I fan Brandenboarch.
Yn de 18e iuw rekke it kastiel yn it ferfal, waard foar in part ôfbrutsen en ferkocht. Wat oerbleau is restaurearre en part wurden fan it Eastfrysk Iepenloftmuseum (Ostfriesisches Freilichtmuseum).
Iuwenlang foarme natoerlik leech lizzend lân en de ôfwetteringskanalen, dy't Krummhörn as in ticht netwurk trochkrúste, de wichtichste ferkearsier. Oer sleatten en kanalen wiene net allinnich doarpen, mar ek in soad pleatsen mei de stêd Emden en it havenplak Greetsiel ferbûn. Benammen it boatferkear mei Emden wie fan grut belang. Doarpsskippers soargen foar it befoarriedzjen fan de doarpen mei guod út 'e stêd en leveren oarsom lânbouprodukten ôf, mei saneamde loogskippen ("loog" bestjut doarp, ferlykje it Grinslânske loug). Oant yn 'e 20e iuw soargen dy loogskippen út Krummhörn foar in soad warberens op de kanalen nei Emden.[2] Pewsum wie oer it Pewsumer Djip en it Larrelter Djip ferbûn mei de seehavenstêd en is dat winliken hjoed-de-dei noch hieltyd, hoewol't it Knockster Djip, dat yn 'e 19e iuw ferbrede waard, sûnt in ferbining foarmet tusken de Pewsumer en Larrelter Djip.
Turf, dy't benammen yn de Eastfryske feangebieten wûn waard, spile iuwen in wichtige rol as brânje foar de ynwenners fan Krummhörn. De turfskippen ferfierden it materiaal oer it Eastfryske kanaalnetwurk nei de doarpen fan Krummhörn, lykas Pewsum. Op harren weromwei nei de feangebieten namen de turfskippers gauris klaaigrûn út 'e mersk en de dong fan it fee mei, dêr't se thús harren ôfgroeven feangebieten mei bedongen.[3]
Yn april 1919 wiene de Speckumzüge (spekoptochten) ûnder arbeiders út Emden, dy't folge waarden troch ûnrêst ûnder lânwurklju. Mank mei it Reiderlân wie it distrikt Emden it part fan East-Fryslân dat it swierst troch dy ûnrêst troffen waard. Arbeiders lutsen yn sletten kolonnen nei de omlizzende doarpen en stellen iten by boeren, itjinge ta konfrontaasjes late. As reäksje dêrop waarden yn krapoan alle plakken yn de omkriten fan Emden boargermilysjes oprjochte. De sitewaasje kalmearre net earder as nei it ynsetten fan yn de regio stasjonearre troepen fan de Reichswehr. De oparbeidzjende boargermilysje fan Pewsum, Woquard en Groothusen wie neffens tal leden de grutste yn it distrikt Emden en wie 140 manlju grut en hja beskikten oer 40 wapens. Dy milysjes waarden ûntbûn nei in oanbelangjende oardering op 10 april 1920 fan de Prusyske minister fan Ynlânske Saken Carl Severing.[4]
Yn 1972 ferlear Pewsum syn selsstannigens doe't it opgie yn de nije gemeente Krummhörn.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen bestiet út in yn blau in mei read pantsere en in goudgiele liuw mei in reade tonge, mei rjochtsboppe in goudgiele leelje, loftsboppe en ûnderoan oan wjerskanten troch hieltyd in goudgiele stjer mei seis strielen.[5]
It wapen waard ûntwurpen troch Otto Korn en waard goedkard yn 1951. De liuw komt fan it wapen fan de Eastfryske haadlingefamylje Manninga, dy't sûnt de iere 15e iuw yn Pewsum fêstige wie. Yn 1565 giene de boarch en it lienguod oer nei de famylje Sirksena. De stjerren binne part fan harren wapen, njonken de famme-earn.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pewsum is in Luthersk eilân yn de gemeente Krummhörn dat fierders oerhearske wurdt troch de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke. Syn tsjerke is de Nikolaastsjerke (Nikolai-Kirche) út de 14e iuw, dy't in nije foargevel krige yn 1862[6].
De kapel fan St. Hedwig is út 1959, boud op in perseel fan flechtlingen út de eardere eastlike kriten fan Dútslân. De gemeente wurdt betsjinne troch de katolike parochy fan Emden.
De Plymouth Bruorren fan Pewsum hâlde gearkomsten yn de eardere beukerskoalle. Oarspronklik sieten hja yn Hamswehrum. De Baptisten fan Pewsum hawwe har sintrum yn Jennelt, mar yn Pewsum komt ek in groepke byinoar.
- De katolike St. Hedwigkapel
- Nikolaastsjerke
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nikolaastsjerke mei klokketoer
- Pewsumer mûne, in achtkante mûne mei it Mûnemuseum Pewsum
- Manningaburg, mei dêr yn de Boarchmuseum Pewsum
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]TuS Pewsum is de grutste sportferiening fan it plak. It hearefuotbalteam spile oant de ein fan it seizoen 2008/2009 yn de Oberliga Niedersachsen West (fyfde klasse) en dêrnei yn de Landesliga Weser-Ems (sechsde klasse).
Bekende Pewsumers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pewsum wie de residinsje fan it haadlingelaach Manninga om 1400 hinne. De lêste manlike neisiet fan dizze famylje, Hoyko Manninga, wenne op de Manningaboarch, en ferkocht it kastiel yn 1565 oan greve Edzard II fan East-Fryslân en syn frou Katarina fan Sweden .
- Hermine Heusler-Edenhuizen (1872 - 1955) waard yn Pewsum berne. Sy wie de earste, offisjeel registearre, froulike dokter yn Dútslân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Krummhörn | ||
|---|---|---|
| Haadplak: Pewsum | ||
| Doarpen: Campen (mei Heiselhusen) • Canum • Eilsum • Freepsum • Greetsiel • Grimersum • Groothusen • Hamswehrum • Jennelt • Loquard • Manslagt • Pilsum • Rysum • Upleward • Uttum • Visquard • Woltzeten • Woquard | ||