De lânkring Mainz-Bingen is in Landkreis yn it easten fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestjoer hat syn sit yn de grutste gemeente fan de lânkring, de stêd Ingelheim am Rhein. Twadde stêd is Bingen am Rhein. Alhoewol't Mainz yn de namme foarkomst heart dy stêd net ta it distrikt. Mainz is in kreis-frije stêd.

Landkreis Mainz-Bingen
flagge wapen
polityk
soarte gebietLânkring
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
haadplakIngelheim am Rhein
grutste plakIngelheim am Rhein
tal gemeenten64
kentekenMZ, BIN
Kreisschlüssel07 3 39
sifers
ynwennertal211.417 (2019)
oerflak605,77 km²
befolkingstichtens349 / km²
oar
stifting1969
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten50°14′ N 6°45′ E
websidewww.mainz-bingen.de

De Landkreis Mainz-Bingen waard yn 1969 foar in grut part troch de eardere lânkringen Bingen en Mainz foarme.

De Ryn foarmet de eastlike en foar in grut part noardlike grins fan de lânkring. Yn Bingen mûnet de Nahe yn de Ryn, nei't de rivier foar in koart stik troch de lânkring rint. Yn it gebiet wurdt in soad oan wynbou dien en der binne trije grutte wynbougebieten: oan de Ryn, oan de Nahe en Rheinhessen, it grutste wynbougebiet fan Dútslân. Troch de geunstige waarsomstannigheden wurdt der yn it gebiet ek in soad oan de ferbou fan grienten en de fruittylt dien.

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje