Frans Timmermans (politikus)
| Frans Timmermans | ||
| Frans Timmermans (2025) | ||
| echte namme | Franciscus Cornelis Gerardus Maria Timmermans | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 6 maaie 1961 | |
| berteplak | Maastricht | |
| partij | GrienLinks-PvdA PVDA (oant 2025) D66 (oant 1990) | |
| lid Twadde Keamer | ||
| amtsperioade | 1998-2007 2010-2012 2023-2025 | |
| Steatssekretaris fan Bûtenlânske Saken | ||
| regear | Balkenende IV | |
| amtsperioade | 2007-2010 | |
| foargonger | Atzo Nicolaï | |
| opfolger | Ben Knapen | |
| Minister fan Bûtenlânske Saken | ||
| regear | Rutte II | |
| amtsperioade | 2012-2014 | |
| foargonger | Uri Rosenthal | |
| opfolger | Bert Koenders | |
| Earste vice-foarsitter fan de Europeeske Kommisje | ||
| amtsperioade | 2014-2023 | |
| foargonger | Catherine Ashton | |
| opfolger | Maroš Šefčovič | |
| Partijlieder GrienLinks-PvdA | ||
| amtsperioade | 2025 | |
Franciscus Cornelis Gerardus Maria (Frans) Timmermans (Maastricht, 6 maaie 1961) is in Nederlânske politikus, diplomaat en fan 1 desimber 2019 oant 22 augustus 2023 Eurokommissaris en teffens de earste fisefoarsitter fan de kommissy-Von der Leyen.
Hy wie amtner yn diplomatyke tsjinst fan Nederlân fan 1987 oant 1998, dêrnei waard er polityk aktyf.
Timmermans wie fan 5 novimber 2012 oant 17 oktober 2014 minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Rutte II. Earder wie er fan 2007 oant 2010 steatssekretaris fan Jeropeeske Saken (BuSa) yn it kabinet-Balkenende IV. Fan 1998 oant 2007 en fan 2010 oant 2012 wie Timmermans út namme fan de Partij fan de Arbeid lid fan de Tweede Kamer.
Yn 2023 en 2025 wie er listlûker foar GrienLinks-PvdA. Nei de ferkiezingen fan 2025 lúts er him werom as partijlieder fan Grienlinks-PVDA.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
