Belmopan
| Belmopan | ||
| Parlemintsgebou Belmopan | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Distrikt | Cayo | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 27.870 (rûzing 2024) | |
| Oerflak | 32,78 km² | |
| Befolkingsticht. | 850 ynw./km² | |
| Hichte | 76 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1970 | |
| Netnûmer | +501 8 | |
| Tiidsône | UTC-06:00 (CST) | |
| Koördinaten | 17° 15' N, 88° 47' W | |
| Kaart | ||
| Lokaasje Belmopan yn Belize. | ||
Belmopan is de haadstêd fan Belize yn Midden-Amearika. De stêd is mei 27.870 (rûzing 2024) ien fan 'e lytste haadstêden yn 'e wrâld. Belmopan leit justjes beëasten de rivier Belize, tachtich kilometer fan 'e eardere haadstêd Belize City ôf. De stêd leit yn it distrikt Cayo, dêr't it sûnt 1990 de haadstêd fan is.
De befolking fan Belmopan is in mjuks fan Kreoalen, Garifuna, Mestizen, Maya's en koarter lyn hawwe ek ymmigranten út Aziatyske lannen, benammen Sinezen, har dêr nei wenjen set.
It plak hat suver gjin yndustry. Der binne wol plannen foar de oanlis fan in fleanfjild en in lyts yndustrypark.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard boud neidat Belize City yn 1961 troch de orkaan Hattie ferneatige waard. It hawwen fan in haadstêd op seenivo waard te riskant achte en dêrfandinne waard it beslút nommen om in nije haadstêd yn it geografyske sintrum fan it lân te bouwen. De oerheidsorganen ferhûzen yn 1970 nei Belmopan en sûnt dat stuit is Belmopan de haadstêd fan it lân.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Belmopan fan Wikimedia Commons. |